Op en Ut fan 5 april 2014 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer it museum-wykein, it Brêgepop-festival yn Skarsterbrêge en de foarstelling 'Goed Fout' yn de Hege Fonnen op 'e Lemmer.
Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Tal fan musea yn Fryslân dogge dit wykein mei oan it lannelike museum-wykein.
www.museumweekend.nl
www.beleeffriesland.nl/museumweekend

2e oere (10.00-11.00)
- Passykonserten fan it 'Vocaal Ensemble Bonifatius'
www.bonifatiusensemble.nl
- Iepen dei krematoarium en begraafplak Wâldhôf yn De Pein
www.crematoriumwaldhof.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Lêzing Salo Muller yn bibleteek op It Hearrenfean
http://www.bibliothekenmarenfean.nl/agenda/112389.salo-mullers-onderduik...
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Brêgepop-festival yn Skarsterbrêge
www.bregepop.nl
- Foarstelling 'Goed Fout' yn De Hege Fonnen op 'e Lemmer
http://www.dehegefonnen.nl/theater/programma/-goed-fout-we-doen-het-hele...
- Bach-wykein yn Warkum
www.nederlandsebachacademie.nl
- Musical-oplieding Muzt presintearret de musical 'Heksen'
www.theatersneek.nl
http://www.cvksneek.nl/actueel/nieuws/muzt-presenteert-heksen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)