Op en Ut fan 4 oktober 2014 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer in famyljekonsert fan it Martini Jongenskoor Sneek, de foarstelling 'It Jubileum' fan Jan Arendz en Marijke Geertsma en de foarstellings dy't it kommende seisoen te sjen binne yn De Klameare yn Warkum.

Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, túnman Klaas Piekstra en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Projekt-direkteur Oeds Westerhof oer de ûntwikkelingen rûn 'Ljouwert, kulturele haadsted 2018'.
www.2018.nl
- Benefytkonsert fan frouljuskoar 'Noaten op 'e Sang' yn de Flambou yn Surhústerfean.
www.noatenopesang.nl
- Foarstellings dy't it kommende seisoen te sjen binne yn de Klameare yn Warkum.
www.nutworkum.nl
www.klameare.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Famyljekonsert troch it 'Martini Jongenskoor Sneek' en gasten yn Martinitsjerke yn Snits.
www.mjks.nl
- Optreden 'singer/songwriter' Roon Staal yn de Doarpstsjerke fan Huzum.
www.roonstaal.com
www.facebook.com/dorpskerkhuizum
- Tips foar de tún troch túnman Klaas Piekstra
- Foarstelling 'Pompeblêd & Proemevlaai, 't verschil is oeral geliek' troch Syb van der Ploeg en Gé Reinders yn Theater Sneek yn Snits
www.theatersneek.nl
www.sybvanderploeg.nl
www.g-reinders.nl
www.wiebekaspers.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Hjerstkonsert troch Wytske Holtrop op sello, Katsura Mizumoto op piano en Lidy Blijdorp op 2e sello yn de Doarpstsjerke fan Beetstersweach
www.cultbee.nl
- Fotograaf Joris Kalma hat yn it ramt fan 'Noorderlicht', in foto-eksposysje yn de Mariatsjerke yn Boer.
www.noorderlicht.com
www.joriskalma.nl
- Wini Weidenaar oer de Blokhúspoarte en kafee De Bak (de nije útstjoerlokaasje fan Op & Ut)
http://blokhuisportal.nl/info/cafe-de-bak/
www.blokhuispoort.nl
www.carex.nl
- Jan Arendz en Marijke Geertsma spylje 'It Jubileum'
www.jmteaterwurk.nl

Op en út út kafee De Bak (earste oere)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)