Op en Ut fan 4 maaie 2013

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut ûnder mear oandacht foar twa nije inisjativen: yn Snits is snein de earste edysje fan it nije hurdrin-evenemint 'de 4 mijl van Sneek' en yn Gaasterlân wurdt útein set mei de 'Kunstroute Gaasterland'.
Fierder yn Op & Ut fansels ek rom omtinken foar aktiviteiten dy't yn it ramt fan 4 en 5 maaie hâlden wurde. Sa sille it betinkingskonsert fan Vocalibre en it befrijdingsfestival yn Ljouwert oan bod komme.
 
 
 
 
 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 46ste alvemarren-fytstocht op sneon 4 en snein 5 maaie.
www.elfmerenfietstocht.nl
- Nei de deadebetinking yn Wytmarsum, bringt it jongerein toanielselskip 'Kom Mar Op' fan De Harkema in opfiering fan it stik 'De Trije Wierheden'. Sneon 4 maaie om 20.30 oere yn 'De Gekroonde Roskam' yn Wytmarsum.
- 'Karl Jenkins: A Mass For Peace-Scratch' wykein yn Dokkum mei konsert op snein 5 maaie om 15.30 oere yn de Grutte Tsjerke yn Dokkum.
www.promovocaal.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Utstallings 'Liefde in oorlogstijd' en 'Leafde yn oarlochstiid' en Jiddysk konsert yn Tresoar yn Ljouwert.
www.tresoar.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Nij hurdrin-evenemint '4 mijl van Sneek' op snein 5 maaie.
www.4mijlvansneek.nl
- Betinkingskonsert Vocalibre op 4 maaie yn De Oase yn Drachten
www.vocalibre.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- 'Kunstroute Gaasterland', alle earste sneinen fan 'e moanne (fan maaie
o/m oktober) fan 12.00-17.00 oere
www.kunstroutegaasterland.nl
- Betinkingskonsert 'Er reed een trein naar Sobibor' fan 'Nederland Herdenkt' yn de H. Mattheustsjerke op 'e Jouwer. Sneon 4 maaie om 20.45 oere.
www.nederlandherdenkt.nl
- Befrijdingsfestival yn Ljouwert op snein 5 maaie.
www.befrijdingsfestivalfryslan.nl
- 'Holland Baroque Society meets Eric Vloeimans' konsert yn Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Sneon 11 maaie om 20.15 oere.
www.appassionata-leeuwarden.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)