Op en Ut fan 4 jannewaris 2014 09:00

Op en Út stiet dizze earste sneon fan it jier yn it ramt fan nijjiersaktiviteiten. Sa is der in nijjierskuier rûnom de Leijen by Rottevalle, binne der nijjierskonserten yn Balk (troch Inez Timmer) en Appelskea (troch Melvin van Eldik), de Swing Inn yn Nijlân. Ek binne der yn dit lêste wykein fan de krystfakansje tal fan berne aktiviteiten en foarstellings. En we sjogge foarút nei de foarstellings fan Fader Paard en it programma fan teater De Harmonie yn Ljouwert.
Fansels binne der ek de fêste saken lykas it natoernijs troch Johan de Jong, de túnrubriek fan Klaas Piekstra en it waarberjocht troch Piet Paulusma.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Winterske kuier mei snert rûnom de Leijen by Rottevalle.
www.wsv-wik.nl
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn teater De Harmonie yn Ljouwert
www.harmonie.nl
- Inez Timmer fersoarget in nijjierskonsert yn de Treemter yn Balk.
www.nutgaasterlan-sleat.nl

2e oere (10.00-11.00)
- de foarstelling Fader Paard is op tongersdei 9 en freed 10 jannewaris yn it WTC yn Ljouwert.
www.faderpaard.nl
- Swing Inn Nijland, in play-inn fanfare orkest spilet mei de Fryske band Detour.
www.swing-in-nijland.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- it nijjierskonsert yn Selatúnen by Appelskea wurdt fersoarge troch Melvin van Eldik.
www.selatuinen.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Der binne dit wykein tal fan aktiviteiten yn it Fries Museum en keramyk museum Princessehof.
www.friesmuseum.nl
- bernefoarstelling Reismuis yn teater de Skâns op de Gerdyk
www.skans.nl
-bernefoarstelling de Jiskebult yn it Heechhûs yn Heech.
www.itheechhus.nl of www.sakespeelt.nl
-bernefoarstelling Meneer Hoedjes vangt een vis yn poppeteater Anansi yn Lippenhúzen.
www.poppentheateranansie.nl
-Dette goes Africa is de nije foarstelling fan Dette Glashouwer dy't jûn yn Amsterdam yn premiêre giet.
www.viarudolphi.nl of www.detteglashouwer.com

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Harkje nei Op & Ut, op 'e radio. Mei fansels it nijs út de natoer en de tips foar de tún.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio
(advertinsje)