Op en Ut fan 3 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden
  • Klaaiwurk

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Paulien Ploeger komt nei de studio en fertelt mear oer de iepen dei fan Klaaiwurk yn Boksum. Nei't Parnas, it sintrum foar keunst-edukaasje yn Ljouwert, yn july fan dit jier opheft waard, hawwe âld-kursisten fan dosint keramyk Paulien Ploeger de feriening Klaaiwurk yn Boksum oprjochte. De feriening wol kursussen en oare aktiviteiten oanbiede. Belangstellenden kinne op 'e iepen dei ynformaasje krije oer it kursusprogramma en fansels kinne de wurkromtes besjoen wurde. Sneon 3 novimber 2012 fan 11.00-17.00 oere oan de Buorren 41 yn Boksum.
http://liesbethdaale.exto.nl/index/18067030_Cursussen.html

- WartenactieF fiert no sneon yn gearwurking mei it Museum Warten it 600-jierrich bestean fan it doarp Warten. Der is ûnder mear in foto-eksposysje te sjen en der sil âld filmmateriaal fertoand wurde. Fierder steane der muzikale optredens op it programma. Sneon 3 novimber 2012 fan 14.00 oere ôf yn Museum Warten en It Skûthûs.
www.museumwarten.nl www.skuthus.nl

- Yn Op & Ut wurdt alle wiken omtinken jûn oan ien fan de Fryske teaters/poadia. Dizkear oandacht foar teater Sense yn Dokkum. Teaterbestjoerslid Sicco Zandt sil in taljochting jaan op de foarstellings dy't de kommende tiid yn teater Sense te sjen binne en Jeanette Hartman, sikretaris fan it filmhûs, fertelt oer it earste Dokkumer Filmfestival dat freed 9 en sneon 10 novimber yn teater Sense yn hâlden wurde sil.
www.sensedokkum.nl www.filmhuis-dokkum.nl

- De stichting 'Pommerant als Predikant' start no snein yn Ljouwert mei 'pommerantepreken'. Prominente leden út de Fryske mienskip krije mei dit inisjatyf de gelegenheid om har ideeën út te dragen op in preekstoel. Rommert Krijtenburg, foarsitter fan de stichting 'Pommerant als Predikant' komt nei de studio en sil yn Op & Ut útlis jaan. De earste pommerantepreek wurdt fersoarge troch Andries Ekhart, wethâlder fan de gemeente Ljouwert. No snein 4 novimber om 17.00 oere yn de Fermanje oan de Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert. De tagong is fergees.
www.pommerantalspredikant.nl

Fan 7 o/m 10 novimber 2012 is yn it Oranje Hotel yn Ljouwert it wrâldkampioenskip Othello.

- Gjalt Veenstra en Michel Boere fan 'Muziekpodium Bakkeveen' sille yn Op & Ut mear fertelle oer it konsertprogramma fan dit muzykpoadium. Kommende freed 9 novimber is der bygelyks in optreden fan Gregory Alan Isakov. Om 20.30 oere. Lokaasje is de Slotpleats yn Bakkefean.
www.muziekpodiumbakkeveen.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet hyltyd ien fan de Fryske musea sintraal. Dizkear omtinken foar it Nationaal modelspoarmuseum yn Snits.
www.modelspoormuseum.nl

- Op snein 4 novimber fersoargje de sopraan Wanda Peters en pianiste Nynke Atsma in recital mei Fryske lieten ûnder de titel "'k Sil foar dy sjonge1". Om 15.00 oere yn De Bloemerstee yn Goïngaryp.
www.fryskmuzykargyf.nl

- Jazzkonsert troch Elly May Efdé, har suster Carin Seegers en it kwartet 'Say jazz' yn de Lemster Baai oan de Fjoertoerwei 17B op 'e Lemmer. Snein 4 novimber om 16.00 oere.

Bôlepudding (resept Op & ut sneon 3 novimber 2012) Klik hjir foar it resept

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)