Op en Ut fan 29 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Omtinken foar âlde ambachten diskear yn Op & Ut. Yn Ingwierrum is it iepen Nederlânsk kampioenskip 'flaaks rûpeljen' en yn St. Nyk wurde demonstraasjes jûn fan koperslaan. Fierder ek oandacht foar bysûndere konserten: Diet Gerritsen sjongt 'Wilmink' yn de Selatunen yn Appelskea en Albert Bonnema & freonen jouwe in feestlik konsert yn de boekehal fan Steven Sterk.
 
 
 
 
 
 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- St. Thomaskuiertocht yn Nijhoarne en St. Thomaskloklieden yn Ketlik en Aldhoarne
www.defrijewiken.nl www.oude-nieuwehorne.nl
- Iepen Nederlânsk kampioenskip 'Flaaks rûpeljen' yn Ingwierrum. Sneon 29 desimber fan 10.00-16.00 oere by streekwinkel Broersmastate oan de Dodingawei 40
- Bysûndere foarstellings yn 'e Lawei yn Drachten
www.lawei.nl

2e oere (10.00-11.00)
- 'Piramide-erfaringsmiddei' yn Nijemardum
www.siemenbanga.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Iepen hûs en demonstraasjes yn koperslaggerij oan de Vegelingstrjitte 9 yn St. Nyk. Sneon 29 desimber fan 13.00-17.00 oere
- Workshops en kursussen fan de Volksuniversiteit Fryslân
www.volksuniversiteitfryslan.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (resept folget noch)
- Diet Gerritsen sjongt Wilmink yn Selatunen yn Appelskea
www.selatuinen.nl
- Optreden Albert Bonnema en Freonen yn boekehal Steven Sterk op 'e Gordyk op 29 en 30 desimber om 20.00 oere
www.lc.nl/tickets
- Aldjiersdûk by kafee de Brêge yn Nij Beets. Moandei 31 desimber om 15.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)