Op en Ut fan 27 april 2013

Op & Ut stiet diskear foar in grut part yn it teken fan it Keninklik Hûs en de kroaningsdei op tiisdei 30 april 2013. Oranjehûs-saakkundige Bearn Bilker komt nei de studio en presintator Douwe Heeringa praat fierder ûnder mear mei skriuwster Jutta Chorus oer har boek 'Beatrix, dwars door alle weerstand heen'.
 
 
 
 
 
 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 'Bea ruimt op' by buerthûs Focus oan de Roazestrjitte 1b op It Hearrenfean. Sneon 27 april fan 12.00 oere ôf.
www.florabuurt.nl
- Eksposysje mei skoalleplaten en kolleksje platen en oare saken dy't mei it keninklik hûs te krijen ha. Tema: 'Oranje'. Lokaasje: St. Janswei 3 yn Deinum. Op ôfspraak iepen o/m ein maaie. Till.nr. 06-539 771 50 / e-mail: pietheeringa@gmail.com.
- Eksposysje 'Beeld van Beatrix' yn it 'Beeldhouwcentrum' yn Koudum
www.beeldhouwcentrumkoudum.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Eksposysje 'Oranje op het ijs' yn it reedridersmuseum yn Hylpen. Fan 26 april 2013 ôf.
www.schaatsmuseum.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Boek 'Beatrix, dwars door alle weerstand heen' fan skriuwster Jutta Chorus
www.uitgeverijatlas.nl
- Aktiviteiten op 29 en 30 april yn Ljouwert
www.leeuwarden.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Boek 'Ida' fan Esther van Hulsen en de eksposysje 'Het verhaal van Ida' dy't fan 27 april o/m 22 septimber 2013 te sjen is yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert.
www.natuurmuseumfryslan.nl
- Earste solo cd fan Jitze van der Land: 'Document of a treble'. De cd is te krijen by de fa. Haantjes oan de Van Swinderenstrjitte yn Balk of te bestellen fia it e-mail adres: jitzevanderland@home.nl
www.euronicshaantjes.nl
- Bearn Bilker oer it Keninklik Hûs
- Lookin' 4 Cash cd-presintaasje yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert op freed 3 maaie 2013.
https://www.facebook.com/pages/Lookin4-Cash/430803827006839

Diel dit berjocht op:

Op & Ut

Noch gjin idee wat te dwaan dit wykein? Harkje nei Op & Ut, op 'e radio. Mei fansels it nijs út de natoer en de tips foar de tún.
Presintaasje: 
Douwe Heeringa
    Radio iconUtstjoering: Alle sneonen fan 9.00 oant 12.00 oere live op 'e radio
(advertinsje)