Op en Ut fan 25 jannewaris 2014 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer iepen dagen fan it Fotofabryk yn Ljouwert, it konsert fan Romi & Di Gojim yn Grou en de eksposysje 'Geen Kinderspel' yn Museum Opsterlân op 'e Gordyk.
Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún, Piet Paulusma oer it waar en Ernst Bruinsma oer nije en nijsgjirrige boeken.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Iepen dagen fan it Fotofabryk yn Ljouwert
www.fotofabryk.nl
- Eksposysje mei histoaryske skoalleplaten fan Johan Herman Isings yn besikerssintrum 'Terp Hegebeintum'
www.hegebeintum.info
- Foarstellings dy't de kommende tiid te sjen binne yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum
www.nutworkum.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert Romi Anauel & Di Gojim yn hotel Oostergo yn Grou
www.digojim.nl
- Muzykteaterfoarstelling 'Vladimir, hartstochtelijke lastpost' troch Jaap Mulder en soannen yn de Lawei yn Drachten
http://www.lawei.nl/agenda/1713/Vladimir/Jaap_Mulder/ www.vysotsky.nl
- Eksposysje 'Geen Kinderspel' yn Museum Opsterlân op 'e Gordyk
www.museumopsterland.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Lêzing 'Ons Bizar Heelal' yn 'e tsjerke fan Wyns
http://www.wynzertsjerkje.nl/agenda.html
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Filmprogramma Slieker Film yn Ljouwert (û.o. 'Best of 2013' maratonwykein)
www.sliekerfilm.nl
- Lêzing oer Atje Keulen-Deelstra yn Frysk Skipfeart Museum yn Snits (wol reserveare!)
http://www.friesscheepvaartmuseum.nl/nl/agenda
- Boekerubryk mei Ernst Bruinsma:
* Kris van Steenberge, Woesten. Podium, Amsterdam 2013. www.uitgeverijpodium.nl
* Baukje Wytsma, Ik ek fan dy. Afûk, Ljouwert 2013. [Boek fan de Moanne] www.boekfandemoane.nl
* Maarten Inghels, De eenzame uitvaart. Veertig verhalen en gedichten bij vergeten levens. De Bezige Bij Antwerpen, Antwerpen 2013. www.debezigebijantwerpen.be
* Boek 'Facing nature' dat heart by de útstalling mei deselde namme yn museum Belvédère yn Oranjewâld
www.museumbelvedere.nl
- 'Verwondering', keunst, poëzij, harpmuzyk ensafuorthinne yn galery Bloemrijk Vertrouwen yn Aldtsjerk. Freed 31 jannewaris om 18.30 oere.
www.gerhildvanrooij.nl www.gbv-artgallery.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)