Op en Ut fan 22 maart 2014 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Gurbe Douwstra praat mei syn gasten ûnder mear oer de 'Dei fan 'e Nostalgy' yn It Heechhûs yn Heech, in noflike dûnsmiddei yn It Dielshûs yn Wommels en de foarstelling 'Skjin Skip' dy't op in teaterskip te sjen is op ferskillende lokaasjes yn Fryslân.
Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- 'Dei fan 'e nostalgy' yn It Heechhûs yn Heech
http://www.itheechhus.nl/2014/01/dei-fan-e-nostalgy-3/
- Aktiviteiten yn 'e bibleteek yn Drachten yn it ramt fan de lannelike 'Loslaatdag'
www.bibliotheekdrachten.nl www.loslaatdag.nl
- Noflike dûnsmiddei yn It Dielshûs yn Wommels
http://itdielshus.nl/events/dansmiddag-met-stemmingsorkest/

2e oere (10.00-11.00)
- Konsert fan kristlik manljuskoar Westerlauwers út Bûtenpost en it Frysk Senioren Orkest yn De Flambou yn Surhústerfean
http://www.delantearne.nl/agenda/westerlauwersmannenkoor-frysk-senioreno... http://www.mannenkoorwesterlauwers.nl/ http://www.frysk-seniorenorkest.nl/
- Konsert en lêzing troch Govert Jan Bach oer de Matthäus Passion. Snein 23 maart om 15.00 oere yn de Bloemerstee oan de Ballingbuer 14 yn Goaiingaryp. Graach reserveare op till.nr. 0566 - 689 216 / 06 - 408 13 797 of maile nei: hg.bloemers@online.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Iepen Fryske klimwedstryd foar bern fan 7 o/m 17 jier by Mountain Network Heerenveen oan de Abe Lenstra Boulevard 23A op It Hearrenfean
www.mountain-network.eu/fjo
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Teaterkoar Animato stiet mei de eigen produksje 'Mysterie in de Oriënt-Express' yn de Harmonie yn Ljouwert
http://www.theaterkooranimato.nl/HTML/uitvoering_2014.html
http://www.harmonie.nl/voorstellingen/1397/Mysterie_in_de_Orient_Express...
- Fryske Krite De Jouwer fiert har 75-jierrich bestean mei de toanielproduksje 'Ik Wol Libje'
www.fryskekrite.nl
- Yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert en yn it Frysk Skipfeart museum yn Snits wurde snein 23 maart ferhalen ferteld oer 'mûnsters en draken'. Dit yn it ramt fan 'Wereldverteldag 2014'.
www.wereldverteldag.nl http://www.natuurmuseumfryslan.nl/draken.php
www.friesscheepvaartmuseum.nl
- Toanielfoarstelling 'Skjin Skip' op teaterskip op ferskillende lokaasjes yn Fryslân
www.skjinskip.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)