Op en Ut fan 2013-01-19T09:00:00

  • Spiler wurdt laden
  • winterwaadrintocht

Yn Op en Ut hjoed wer in grut ferskaat oan ûnderwerpen. Der is oandacht foar in winterwaadrintocht, de bernefoarstelling 'Achter je' yn de Harmonie, de workshop Zomaar Zingen, konserten fan de Fryske Jeugd Brassband, lytse filmhûzen yn Dokkum en Mantgum, en in fotoboek en eksposysje oer Psychiatrysk Sikehûs Groot Lankum. Mar der binne ek tal fan jubilea. Teaterstifting Probe bestiet 15 jier en komt mei in premiêrestik. Tsjong Iepen Poadium bestiet 30 jier en hat in feestlike jûn. Yn Kiehool yn Burgum is jûn de fiifde Rockabilly en Rock Solid jûn.

 

 

 

 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Tsjong Iepen Podium bestiet 30 jier en dêrom is der jûn in feestlike Tsjongjûn yn Skippersseal yn Aldegea (Sm).
- Der wurde dit wykein winterwaadrintochten yn Peazens Moddergat organisearre.Gids Harm Jan Wilbrink is ûnderweis mei in groep. Foar sneintemoarn 9.00 oere kinne jo je noch opjaan fia www.oanedyk.nl
- Bernefoarstelling Achter je! fan teatergroep Lejo komt yn de Harmonie yn Ljouwert op woansdei 23 jannewaris. www.lejo.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Jan Gommans jout in workshop stim-ekspresje Zomaar Zingen snein yn Snits en moandei yn Ljouwert. www.stemmenmakerij.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Alwer it 5e Rockabilly en Rock Solid yn it Kiehool yn Burgum. Trije bands mei rockabilly en 50s blues muzyk trede op. www.kiehool.eu
- De Fryske Jeugd Brassband jout yn Holwert en yn Sint Jabik in optreden mei sopraan Miranda van Kralingen.
www.friesejeugdbrassband.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (resept folget noch)
- Eksposysje oer Psychiatrysk Sikehûs Groot Lankum yn Museum Martena yn Frentsjer. Der komt nije wike in fotoboek oer út, makke troch Joan en Wilma van der Brug.
www.museummartena.nl
- Stifting Teatergroep Probe bestiet 15 jier en nije wike is syn premiêrefoarstelling Dochsto it Ljocht út yn de Skâns op De Gordyk.
www.probetheater.nl of www.skans.nl
-Lytse Filmhûzen yn Dokkum, Mantgum en Koudum ha in moai programma.

Sport reep (resept Op & Ut, sneon 19 jannewaris 2013) Klik hjir foar it resept

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)