Op en Ut fan 2013-01-05T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Omtinken foar in soad muzyk diskear yn Op & Ut. In frysk piraten feest yn Wurdum, in rockopera op it Heidenskip, it Frysk Jeugdorkest en it JeugdOrkest Nederland yn de Lawei yn Drachten en in muzykteaterfoarstelling yn Eastermar. Fierder ek oandacht foar in Sonic Restaurant yn it winkelsintrum Zaailand yn Ljouwert, in stand-up comedy jûn yn Iduna yn Drachten en de tredde edysje fan de Literaire Avond yn debatsintrum de Bres yn Ljouwert.
 
 
 
 
 
 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- yn it ramt fan de tentoanstelling Social Sound is der in Sonic Restaurant yn it winkelsintrum Zaailand yn Ljouwert. www.social-sound.nl
- Jûn is de earste stand-up comedy jûn yn Iduna yn Drachten. Dit wurdt in moanlikse rige. www.iduna.nu of www.comedyhuis.nl
- Bysûndere foarstellings yn De Treemter yn Balk.
www.nutgaasterlan-sleat.nl

2e oere (10.00-11.00)
- De Friese Piraten Combinatie hâldt in piraten feest in de Golle yn Wurdum foar in goed doel. www.friesepiratencombinatie.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- krystlike muzykferiening Studio en rockband Koartslúting spilje de rockopera It Swurd fan Damocles yn it Swaeigat op it Heidenskip. www. cmvstudio.nl of www.koartsluting.nl
- yn de Lawei yn Drachten is in konsert fan it Frysk Jeugd Orkest mei it JeugdOrkest Nederland. www.jeugdorkest.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Kok Geert Jan Vaartjes fan Lauswolt hat in lekker resept (resept folget noch)
- Op de Literaire Avond yn it debatsintrum de Bres yn Ljouwert trede sa'n 14 ferskate skriuwers, dichters, muzikanten en comedians op. www.debatcentrumdebres.nl
- Henk Zwart en Herman Peenstra bringe de muzykteaterfoarstelling Lytse Fryske Winterreis. Se trede ek live op. Facebook Lytse-Fryske-Winterreis.

Klik hjir foar it Sop fan pompoen mei Waad kokkels en olive oalje resept

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)