Op en Ut fan 2012-10-27 09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- De stedsomropper fan Snits, Jan Sjoerd de Vries, fertelt yn Op & Ut mear oer it Stedsomroppers-konkoers dat sneon 27 oktober yn it sintrum fan Snits hâlden wurdt. Fan 13.30 en 16.30 oere.
www.agendasneek.nl

- It is de lêste dei fan de Fryske Muzykwike by Omrop Fryslân. Beukema fersoarget yn it ramt fan de aksje 'Poster Coaster' konserten by minsken thús en yn Op & Ut wurdt ek in opjefte jûn fan de Hitmix.

- Yn Op & Ut wurdt alle wiken omtinken jûn oan ien fan de Fryske teaters/poadia. Dizkear komt Jacob Fröhlich fan de Lawei yn Drachten nei de studio om te fertellen oer de foarstellings dy't hjir de kommende tiid te sjen binne.
www.lawei.nl

- Yn Fryslân binne sneon 27 oktober allegear aktiviteiten yn it ramt fan de 'Nacht van de Nacht'. In oersjoch is te finen op:
www.friesemilieufederatie.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Op freed 2 novimber 2012 giet yn Ons Gebouw yn Boalsert it programma 'Soer & Swiet' fan teatergroep MeM yn premjêre.
www.theatergroepmem.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- It keninklik toankeunstkoar Concordia jout útfierings fan de Carmina Burana fan Carl Orff. Snein 28 oktober om 14.00 en 16.00 oere yn it stedskantoar oan it Aldhoustertsjerkhou 1 yn Ljouwert.
www.concordialeeuwarden.nl

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet hyltyd ien fan de Fryske musea sintraal. Dizkear omtinken foar it Poptaslot yn Marsum.
www.poptaslot.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)