Op en Ut fan 2012-10-20 T 09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert is fan 15 o/m 28 oktober 2012 it BeterBezigHuis. Het BeterBezigHuis is in gruts opset 'beleef-en doe' evenemint foar bern fan 4 oant en mei 14 jier.
www.beterbezighuis.nl www.natuurmuseumfryslan.nl

- Op sneon 20, snein 21 en sneon 27 oktober 2012 is yn De Bres yn Ljouwert de earste edysje fan it Ljouwerter Kabaret Festival. Op sneon 20 en snein 21 oktober giet it om heale finales, op sneon 27 oktober is de finale. It begjint alle kearen om 20.30 oere.
www.debatcentrumdebres.nl

- Yn Op & Ut wurdt alle wiken omtinken jûn oan ien fan de Fryske teaters/poadia. Dizkear komt Jelma Dekker fan stedsskouburch De Harmonie yn Ljouwert nei de studio om te fertellen oer de foarstellings dy't hjir de kommende tiid te sjen binne.
www.harmonie.nl

- Mascha Perquin fan 'Foodtruck Mama Mascha' (in mobile itensiedersstudio) fertelt yn Op & Ut mear oer de appelworkshop dy't sy op tiisdei 23 oktober hâldt yn Hilaard.
www.foodtruckmamamascha.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Ioannis Teatertsjerke Wier presintearret fan tiisdei 23 oktober o/m sneon 27 oktober it 'Sterrenfestival', mei ûnder mear in útstalling oer de stjerren en planeten, in lêzing oer de stjerrehimel boppe Spitsbergen en live muzyk. It hiele programma is te finen op 'e website:
www.ioannistheatertsjerkewier.nl

- De Achmeatoer yn Ljouwert wurdt de kommende moannen (foarearst o/m desimber 2012) foar publyk iepensteld op 'e twadde sneon fan 'e moanne: op 10 novimber en 8 desimber. Op dizze sneonen kinne der om 11.00 oere en om 12.30 oere groepen fan maksimaal 40 persoanen mei nei boppe om te genietsjen fan it útsicht oer Ljouwert en omkriten. Kaarten kinne besteld wurde by it VVV yn Ljouwert.
www.vvvleeuwarden.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Frysk berne spektakel Merakels. Woansdei 24 oktober yn MFC 'De Mande' yn Nijlân. De doarren geane om 13.15 oere iepen en de middei duorret fan 14.00-17.00 oere.
www.aaipop.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet hyltyd ien fan de Fryske musea sintraal. Dizkear omtinken foar it Poptaslot yn Marsum.
www.poptaslot.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)