Op en Ut fan 2012-10-13 T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Sneon 13 oktober wurdt der iepen hûs hâlden by it seaddehûs-projekt oan de Camstrawei 18 yn Furdgum en by de terpopgraving oan de Ryksstrjitwei 11 yn Menaam. Op beide lokaasjes fan 10.00-15.00 oere. Jan Vonk, bestjoerslid fan it Yeb Hettinga museum yn Furdgum sil yn Op & Ut mear fertelle oer it seaddehûs-projekt yn Furdgum.
www.zodenhuis.nl

- De Gaasterlânske Natoerwike wurdt foar de 25ste kear hâlden. Om dit te fieren duorret de Gaasterlânske Natoerwike dizkear mar leafst twa wiken: fan 13 oktober o/m 27 oktober. De aktiviteiten begjinne op 13 oktober mei in 'Alve Bosken Kuiertocht'. It hiele programma is te finen op:
www.gaasterlandsenatuurweek.nl www.marenklif.nl

- Yn Op & Ut wurdt alle wiken omtinken jûn oan ien fan de Fryske teaters/poadia. Dizkear stiet restaurant/teater Le Brocope yn Aldeberkeap sintraal.
www.lebrocope.nl

- It Fries Symfonie Orkest bestiet 50 jier en dat wurdt snein 14 oktober 2012 fierd mei in jubileumkonsert yn de Lawei yn Drachten. Om 15.00 oere.
www.friessymfonieorkest.nl www.lawei.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Yn Berltsum is sneon 13 oktober fan 10.00-16.00 oere in iepen bedriuwendei. Yn totaal sette 44 bedriuwen har doarren iepen. Janneke Bergsma, foarsitter fan Undernimmend Berltsum/Wier jout yn Op & Ut in taljochting.
www.berlikum.com

- Petra Wiggersma fan de stichting 'One For All' komt nei de studio om te fertellen oer de lotterij-aksje dy't sy hâlde foar Rainbow ranch. Der kinne ûnder mear frijkaarten wûn wurde foar 'Het Ballet der witte hengsten' (9, 10 en 11 novimber yn Ahoy yn Rotterdam).
www.stichtingofa.nl www.rainbowranch.nl www.spaanserijschool.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept.

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- De organisaasje DizZ Events hat it inisjatyf naam om feesten te organisearen foar 'Homo, Lesbian en openminded People'. It earste feest is sneon 13 oktober yn Fire Palace yn Ljouwert.
www.dizzevents.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet hyltyd ien fan de Fryske musea sintraal. Dizkear omtinken foar it Poptaslot yn Marsum.
www.poptaslot.nl

- Yn de Mande yn Aldtsjerk is snein 14 oktober om 14.00 oere in iepenbiere rippetysje fan 'Anneke sjongt de blues' en op sneon 20 oktober is de premjêre yn de Mariatsjerke yn Mantgum (tongersdei 18 oktober try-out op 'e selde lokaasje).
www.buog.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)