Op en Ut fan 2012-10-06 T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Op sneon 6 oktober 2012 wurdt foar de earste kear in lannelike iepen dei bistedokters organisearre. Yn Fryslân dogge 8 bistedokterspraktiken mei oan dizze dei. It tema is: 'Dierenarts in 3D: deskundig, dienstverlenend en duurzaam'. Yn Op & Ut omtinken foar ien fan de dielnimmers: bistedokterpraktyk Mid-Fryslân oan de Hopmanshof 1 yn Akkrum.
www.opendag.dierenarts.nl www.dierenartsakkrum.nl

- Op sneon 6 en snein 7 oktober 2012 is it earste 'Weekend van de Wetenschap'. It wykein, dat yn it teken stiet fan wittenskip en technology, is it startskot foar de 27ste edysje fan de 'Oktober Kennismaand'. Troch it hiele lân binne der ferskillende aktiviteiten by de dielnimmende ûndersykynstellings, science sintra, stjerrewachten, bedriuwen en musea. Ek yn Fryslân is der fan alles te dwaan. Yn Op & Ut omtinken foar it InnoSportLab Thialf dat sneon 6 oktober har doarren iepen set. Tusken 14.30 en 17.45 oere sil der demonstreard wurde hoe't Olympyske reedriders harren prestaasjes ferbetterje kinne troch ynnofaasje.
www.innosportlabthialf.nl www.oktoberkennismaand.nl

- Yn Op & Ut wurdt alle wiken omtinken jûn oan ien fan de Fryske teaters/poadia. Dizkear komt Ben van der Knaap nei de studio. Hy is direkteur fan it nije Theater Sneek út Snits en sil mear fertelle oer de programmearing en oer de offisjele iepening fan Cultureel Kwartier Sneek op 1 en 2 novimber.
www.theatersneek.nl

- Op it Hearrenfean is snein 7 oktober de Fryske tsjerkedei. It is de 4e edysje, it evenemint wurdt sûnt 2000 ien kear yn 'e fjouwer jier hâlden. Fan 13.00 oere ôf op ferskillende lokaasjes. It hiele programma is te finen op:
www.fryslaninbeweging.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Yn it ramt fan 'Oktobermaand Kindermaand' binne der dizze moanne ferskillende aktiviteiten foar bern (4 o/m 12 jier) yn de gemeente Dongeradiel. Op 6, 7, 14, 20, 21, 24 en 28 oktober hawwe 14 kulturele organisaasjes in fergees oanbod foar bern en harren âlden en/of pake's en beppe's. In oersjoch is te finen op 'e website:
www.kindermaand.nl

- It is 400 jier lyn dat Rembrandts grutte leafde, Saskia Uylenburgh berne waard en om't sy Fryske 'roots' hie, wurdt dat yn Fryslân betocht mei de 'Saskia 400 fiering'. Geert de Vries, direkteur fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert komt nei de studio om te fertellen wat der allegear op it programma stiet (films, lêzings, útstallings).
www.filmhuisleeuwarden.nl www.historischcentrumleeuwarden.nl www.saskia400.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept.

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet hyltyd ien fan de Fryske musea sintraal. Dizkear omtinken foar it Simke Kloostermanhûs yn Twizel.
www.markantfriesland.nl

- Peter Vermaat út Slappeterp komt nei de studio en fertelt mear oer syn dichtbundel 'Meeuwen krijsen langs het water'.

- En ta beslút yn Op & Ut omtinken foar de iepening fan it kulturele seisoen yn Mantgum.
www.wjukken.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)