Op en Ut fan 2012-09-29 T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Eksposysje mei wurk fan Jouke van der Zee (1905-1968). Sneon 29 fan 11.00-17.00 oere en snein 30 septimber fan 11.00-16.00 oere yn de Andreastsjerke yn Winaam. De eksposysje giet út fan de wurkgroep Archeologisch Steunpunt út Winaam.
www.aspfryslan.nl

- Yn it ramt fan de 'Week van de Smaak' (29 septimber o/m 7 oktober 2012) is der ek yn Fryslân fan alles te dwaan. Yn Op & Ut omtinken foar de folgjende aktiviteiten:
- 'Sap!dag' by botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost. Sneon 29 septimber fan 10.00-17.00 oere.
- Workshop woarst meitsje by De Kempenaer yn Ichtenerbrêge op snein 30 septimber en snein 7 oktober.
www.dekruidhof.nl www.eerlijkvlees.nl www.weekvandesmaak.nl

- Yn Op & Ut wurdt alle wiken omtinken jûn oan ien fan de Fryske teaters/poadia. Dizkear komt Henk Oosterhuis nei de studio. Hy is foarsitter fan de kulturele kommisje fan aktiviteitensintrum De Miente yn Easterwâlde.

- Yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert is fan 1 oktober ôf in permaninte wettertechnology-eksposysje te sjen. Ien en oar is opset yn gearwurking mei Wetsus.
www.natuurmuseumfryslan.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Mini-sympoasium 'Wat bezielt je!?'. Snein 30 septimber 2012 fan 13.00 oant 16.00 oere yn de Rooms Katolike tsjerke yn St. Nyk. Tagelyk is der yn it Sealesintrum yn St. Nyk in 'Hart en Ziel markt'. Fan 10.00-18.00 oere.
www.watbezieltje.org

- 'Dag van de Jacht & Kleding van Toen'. Sneon 29 septimber fan 10.00-17.00 oere yn en by museum De Sûkerei oan de Trekwei 8a yn Damwâld.
www.desukerei.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet hyltyd ien fan de Fryske musea sintraal. Dizkear omtinken foar it Simke Kloostermanhûs yn Twizel.
www.markantfriesland.nl

- Benefytkonsert troch it Orkest fan 'e Keninklike Luchtmacht. Freed 5 oktober op 'e fleanbasis yn Ljouwert. Reserveare kin fia de website
www.bewegenvooroverleven.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)