Op en Ut fan 2012-09-22 T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Yn Penjum is sneon 22 septimber de iepening fan 'Podium Pingjum', in nij lyts muzykteater. Belangstellenden binne wolkom tusken 16.00 en 21.00 oere oan de Grutte Buorren 6 yn Penjum. Der is ûnder mear live muzyk fan Fata Organa (piano, klarinet, trompet), Habiba Doorenbos (harp, sang) en Derk van Dieren (lûksek).
www.podiumpingjum.nl

- Yn Boalsert is fan alles te dwaan yn it ramt fan it Histoarysk Festival Súdwest. Sneon 22 septimber fan 11.00-17.00 oere. It hiele programma is te finen op:
www.nszf.nl/site/historisch-festival-2012.html

- Gretha Bakker fan stedsskouburch De Harmonie yn Ljouwert komt nei de studio om mear te fertellen oer it Freeze festival dat hjir sneon 22 septimber hâlden wurdt en ek oer oare nijsgjirrige produksjes dy't ynkoarten yn de Harmonie te sjen wêze sille.
www.harmonie.nl www.freezefestival.nl

- Karen Bies en Andries Blauw (foarsitter Freonen ) fertelle yn Op & Ut mear oer it jubileumfeest fan de Freonen fan Omrop Fryslân.

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- 27, 28 en 29 septimber is yn Alde- en Nijehoarne it Flaeijelfeest.
www.flaeijel.nl

- Op 27, 28 en 29 septimber is it iepeningsfeest fan it nije Saailân yn Ljouwert. Yn Op & Ut alle ynformaasje hjiroer.
www.nieuwzaailand.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet hyltyd ien fan de Fryske musea sintraal. Dizkear omtinken foar it Ruurd Wiersma hûs yn Burdaard.
www.ruurdwiersma.nl

- Op inisjatyf fan de stichting Appassionata wurde op sneon 29 septimber 'De Zes Brandenburgse Concerten van Johann Sebastian Bach' útfierd yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Om 20.15 oere.
www.appassionata-leeuwarden.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)