Op en Ut fan 2012-09-15T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- It pompoenfestival dat jierren lang yn Jellum hâlden waard, is ferpleatst nei it terrein fan de eardere bûtenpleats Unia-state yn Bears. Sneon 15 en snein 16 septimber is eltsenien hjir wolkom tusken tsienen en fiven op beide dagen. It festival is in aktiviteit fan Atelier 't Hegedykje út Jellum.
www.pompoendorp.nl www.atelierhegedykje.nl www.uniastatebears.nl

- Tsiisbuorkerij 'De Stelp' yn Aldeberkeap hâldt dit wykein ek in pompoenwykein. Lokaasje is de Wolvegeasterwei 49. Sneon 15 en snein 16 septimber, beide dagen fan tsienen oant fiven.
www.dekaasboerderij.nl

- De stichting Staten & Stinzen hâldt sneon 15 septimber in lêzing mei muzyk yn de Nicolaastsjerke yn Swichum. Dr. Oebele Vries jout in ynlieding oer de Aytta's en Ayttastate en Broer de Witte spilet op klavesimbel. Ek hat de st. Staten & Stinzen op snein 16 septimber in kuier en konsert organisearre. De kuier start om 14.00 oere by Oranjestein yn Oranjewâld en it konsert is om 15.30 oere yn de Thomastsjerke yn Ketlik. It konsert wurdt útfierd troch it Ruach stryktrio, op it programma steane wurken fan Mozart, Schubert en Beethoven. Reserveare kin fia info@statenstinzen.nl
www.statenstinzen.nl

- De Spylder yn Warns bestiet 10 jier en dat wurdt op 14, 15 en 16 septimber fierd mei in feestlik programma. Freed 14 sept. is der fan 20.30 oere ôf in programma foar de jeugd fan 14 jier en âlder, sneon 15 sept. begjinne de feestlikheden om 13.30 oere en snein 16 sept. bringt Quirine Melssen om 15.00 oere de muzikale fertelling 'De bruiloft der zeven zigeuners' (wrâldmuzyk).
www.despylder.nl

- Wietse Tolman en Theun de Leeuw komme nei de studio om te fertellen oer de Histoaryske Motordei dy't sy snein 16 septimber yn gearwurking mei de Stichting Rijdend Motorsport Museum hâlde op it yndustryterrein op 'e Gordyk. De trainingen begjinne om 11.00 oere, de earste wedstryd is om 13.00 oere.
www.wt-hjk.blogspot.nl www.rijdendmotorsportmuseum.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Yn Harns is sneon 15 septimber de earste edysje fan 'Harlingen Ongeschut'. Spesjaal foar dit evenemint wurdt de slûs nei de Waadsee sluten en wurde de binnensluzen iepen set. Boatbesitters kinne dêrtroch in unike fartocht meitsje troch de Harnser grêften. Op en om it wetter wurde muzikale- en teatrale acts útfierd. It begjint om 19.30 oere, de slot-act mei 'Enge Buren' is om plusminus 22.30 oere by de Simon Vestdijksingel.
www.bengevenementen.nl

- Op freed 28 septimber kin yn Ljouwert meidien wurde oan 'De Midnightwalk Leeuwarden'. De start is om 21.00 oere by stedsskouburch De Harmonie. De opbringst is foar de Voedselbank Leeuwarden. Ynskriuwe kin fia de website:
www.midnightwalkleeuwarden.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Jojanneke Drijver jout yn de film-rubryk ynformaasje oer de nijste films.
www.filminfriesland.nl www.leeuwarderbioscopen.nl www.biosdrachten.nl www.biosheerenveen.nl www.cinesneek.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet hyltyd ien fan de Fryske musea sintraal. Dizkear omtinken foar it Ruurd Wiersma hûs yn Burdaard.
www.ruurdwiersma.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)