Op en Ut fan 2012-09-08T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer.

- Rûnom yn Fryslân binne dit wykein aktiviteiten yn it ramt fan de Iepen Monumintedei. Yn Op & Ut jouwe wy omtinken oan wat der te dwaan is yn Ljouwert, Beetstersweach en op 'e Jouwer. In oersjoch is te finen op 'e website:
www.openmonumentendag.nl www.historischcentrumleeuwarden.nl www.museumjoure.nl www.beetsterzwaagnatuurlijk.nl

- Snein 9 septimber is foar de 3e kear it festival !UIT Leeuwarden. Fan 13.00 oere ôf kinne besikers genietsje fan teater, muzyk, literatuer, keunst, design en dûns en har ynformeare litte oer it oanbod fan de kulturele ynstellings. Lokaasje is de Prinsetún yn Ljouwert.
www.uit-leeuwarden.nl

- Ferskillende frijmetselarij loges yn Fryslân dogge sneon 8 septimber mei oan de 1e Nasjonale Dei fan de Frijmetselarij. Bob de Jong fan loge De Friesche Trouw út Ljouwert komt nei de studio en fertelt der mear oer.
www.dagvandevrijmetselarij.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Fan tongersdei 13 oant en mei snein 16 septimber 2012 is yn Jobbegea de konsumintebeurs Expansie 2012. De earste Expansie wie yn 1962, it is dêrmei ien fan de âldste beurzen fan Fryslân.
www.expansie2012.nl

- Under de titel 'Fryske Free Fashion Dei', wurdt der yn de de Blokhúspoarte yn Ljouwert In grut kleanruilfeest hâlden. Sneon 8 septimber fan 12.00 oant 16.00 oere. Sjoch foar mear ynformaasje oer de spulrigels op:
www.fryskefashion.blogspot.nl www.stoerevrouwen.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Peter Tuinman, ien fan de haadrolspilers fan de lokaasjefoarstelling Hebeca, komt nei de studio en fertelt mear oer dit Frysktalige spektakelstik. De foarstellings op 7, 8, 11, 13 en 15 septimber binne útferkocht, mar der binne noch wol kaarten foar de ekstra foarstellings op 21 en 22 septimber. It stik wurdt opfierd oan de Burgumermar by Jistrum.
www.hebeca.nl

- Yn de Salviustsjerke yn Dronryp wurdt sneon 8 septimber om 20.30 oere in konsert fersoarge troch oargelist Theo Jellema en barokfioelist Ivan Iliev. Utfierd wurde wurken fan Sweelinck en syn Ingelske en Italiaanske tiidgenoaten.

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt it Optiek Museum yn Surhústerfean oan bod.
www.werkman.nu

- Fan 14 septimber o/m 14 oktober is de 'Moanne fan it Fryske Boek 2012'.
www.moannefanitfryskeboek.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)