Op en Ut fan 2012-09-01T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Jacob Bijlsma mei nijs út de natoer.

- Teaterfoarstelling De Goedhertige Bulderbast is op 5 en 6 septimber yn de tún fan Poptaslot yn Marssum. Dit is in nij ûnderdiel fan Marsum Merke, lykas de Popta Paardenraces op sneon 7 septimber.
www.marssum.info

- Yn Drachten is fannemiddei om 13.30 oere in grutte brânspuitauto optocht. Hjir dogge sawol âlde as splinternije brânspuitauto's oan mei. Yn it sintrum is oanslutend in blusdemonstraasje, earst mei âlde middels oergeand yn nije metoades. As lêst komme der twa 17 meter lange Amerikaanske brandspuitauto's.

- Iepen Loftspul Jorwert hat jûn mei de foarstelling De Goede, de Minne en de Lillike, de earste opfiering.
De Goede, de Minne en de Lillike in komysk stik oer de leafde, ferjilding, ear en habsucht. It stik ferhaalt oer it eigen iepenloftspul dat in western spilet. We sjogge de spilers yn de repetysje, de try-out en yn de foarstelling. En dan docht bliken dat de rollen foar de skermen wol hiel ticht by de akteurs komme dy't de karakters spylje...
Cowboys de Goede, de Minne en de Lillike fjochtsje yn de western om de hân fan priveespeurder Maria. Dizze striid giet lykwols efter de skermen troch en soarget foar de nedige hilaryske en miskien ek wol pynlike situaasjes. Want: is dy kûgel yn it pistoal no echt of net? Ha we hjir te krijen mei in crime passionel yn it stik of dochs ek efter de skermen?
www.iepenloftspuljorwert.nl

- It Fuel Power Event yn Tsjom is dit jier noch grutter opset as oars.
It is juster begûn en duorret noch oan't moarntejûn. Te sjen binne allerhande opmerkelike auto', trucks mei brullende motors, trekker- en truckpulling. It hiele wykein is der ek live muzyk. www.Fuelpower.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Op it Oldtimerfestival yn Twizelerheide is grut ferskaat oan auto's, frachtauto's en trekkers. Sawol partikulieren as ferienings binne oanwêzich mei harren materiaal. Ek binne der demonstraasjes gersbaanraces en radiografysk bestjoerbere auto's. Om 21.30 oere is der in grut fjoerwukshow.
www.oldtimerfestivaltwijzelerheide.nl

- City Jazz Leeuwarden begjint hjoed om 15.00 oere op it Gouveneursplein. Dit gjit jûns fierder yn 15 horekasaken. Jazzkafee Wijnbergen stjoert jûn fanôf 18.00 oere live út fanôf it Stormpodium.
www.cityjazzleeuwarden.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Barokensemble Cordevento XL mei blokfluitist Erik Bosgraaf treedt woansdei 5 septimber op yn Ljouwert. Foarôfgeand op tiisdei 4 septimber jout Erik Bosgraaf in masterclass wêr't jo je noch foar opjaan kinne.
www.appassionata-leeuwarden.nl

- Jojanneke Drijfhout komt mei de nijste filmtips.

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje.

- Fotomanifestaasje Noorderlicht wurdt hjoed iepene. De haadtentoanstelling is Terra Cognita, in fotografyske reis yn seis haadstikken. Fjouwer haadstikken binne te sjen yn Museum Belvédère (Hearrrenfean), ien yn Museum Dr8888 (Drachten) en ien yn Museum Willem van Haren (Hearrenfean). Der binne noch tal fan oare tentoanstellings yn it ramt fan Noorderlicht. Sjoch hjir foar op www.noorderlicht.com.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)