Op en Ut fan 2012-08-25T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- De âlderwetske rispinge is te sjen op de Stoppeldei yn NijBeets. Neist it binnenheljen fan de rispinge op de âlderwetske manier binne der ek tal fan oare saken te sjen: smidsfjoer, ringriderij, demonstraasjes mei jachthûnen en in merke.
www.damshus.nl of www.rinsping-nijbeets.nl

-Bijeteeltferiening hâldt har jierlikse bijenmerke op it Museumplein en yn museum Smallingerland yn Drachten. Imkers jouwe ynformaasje oer de bijenteelt. Der binne stands mei bijeprodukten sa as hunning, hunningsjippe, waskersen mar ek mei oare saken sa as boeretsiis, hynstemolke en oare natoerprodukten. Ek is der oan de bern tocht.

- De "Gaasterlandse week van de smaak" wurdt hâlden fan 25 augustus oan't en mei 2 septimber. Fryske en Gaasterlânske yngrediïnten foarmje de basis fan dizze wike. De rûte giet troch hiel Gaasterlân, by túnen, buorkerijen, mûnen, winkels en restaurants lâns. Ferskate produkten binne te priuwen en te keap. De rûte is te krijen by Mar en Klif yn Âldemarrum en by de agintskippen fan VVV Gaasterland Promotion.
www.gaasterlandpromotion.nl of www.marenklif.nl

- De Turfeartdagen binne op 25 en 26 augustus yn Appelskea. Âlde tiden komme werom. De frijwilligers en standhâlders drage historyske klean. Der binne âlde skippen sa as skûtsjes, preamen, tsjalken, snikken en sleepboaten. Sneons binne der foaral aktiviteiten foar de bern. Snein is der in ambachtsmerke. Beide dagen is der folkloristyske muzyk en stjitteater.
www.turfvaartdagen.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

-It Frysk Kampioenskip Ielrikjen yn Tjalleberd fynt sneon wer plak. Neist it ielrikjen binne der stands mei produkten, is der muzyk en kabaret. www.fkpalingroken.nl

-De Harlinger Visserijdagen binne dit jier fan woansdei 29 augustus oant en mei sneon 1 septimber. Der is wer in drok programma mei aktiviteiten foar jong en âld. www.visserijdagenharlingen.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Galery Peter Bax yn Snits bestiet 20 jier en nei oanlieding dêrfan is der in spesjale eksposysje: Foppe's keuze. Foppe de Haan hat in tentoanstelling gearstalt út de kolleksje fan de galery.

- Jojanneke Drijfhout komt mei de nijste filmtips.

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt Dekemastate yn Jelsum oan bod. www.dekemastate.nl

- Souldada treedt sneon op yn theatertún yn Riis. Oprjochter Herman Woltman en sjongeres Maaike Sijtsma fertelle oer de band en harren repertoire.
www.souldada.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)