Op en Ut fan 2012-08-18T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Fanút Themapark de Spitkeet yn Harkema (De Dunen 3) binne sneon wer de jierlikse fyts- en kuiertochten. Alle routes geane troch de prachtige natoer fan Nationaal Landschap De Noardlike Fryske Wâlden. De fytsers kinne kieze tusken 30 en 50 km, de kuierders tusken 7, 10, 15 en 25 km. De start is tusken 9.00 en 14.00 oere, de dielnimmers moatte 17.00 oere werom wêze. Ek wurdt de jierlikse keuring fan de Nederlandse Landgeit dan hâlden.
www.despitkeet.nl

- Sneon is der Milk 'n' music, in muzikale gearwurking tusken keunstner CP Berbée en biologyske boer Willem van Berkum. Tusken 7 en 17 oere, de tiid fan de melkerij, wurde de kij trakteert op live muzyk yn de greide. It festijn fynt plak op de Ekomelkerij, Munkedyk 1A yn de Gaastmer.
wwwkunstbijdeboer.nl

- Sneon is it wer tiid foar de Frije Cross Blije, earder bekind as de Swarte Cross Blije. It wurdt wer in grut spektakel. Ek de Omrop Fryslân auto rydt wer mei. No sit Simone Scheffer yn de duositter.
Willie Boonstra fan it bestjoer komt nei de studio om ús alles hjiroer te fertellen.
www.frijecrossblije.nl

- Krekt oer de grins fan Fryslân yn Nuis is in grut Trekharmonika festival. Spilers út it hiele lân spylje op trije ferskate lokaasjes. It festival duorret fan 14.00 oan't 23.00 oere.
www.devrijborg.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- -Marjan Vroom leit út wat it Brommels! Feest ynhâldt. It is in grut barren rûnom de brommel, de toarnbei yn de Fryske Wâlden tusken Feanwâlden, Hurdegaryp en Burgum
www.waldpyk.com/brommels

- Yn Grins is fan 16 oan't en mei 26 augustus it grutte Noorderzon festival. Mark Hospers kin ús hjir alles oer fertelle.

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- René Vaartjes hat wer in lekker resept foar ús.

- Jojanneke Drijfhout komt mei de nijste filmtips.

- Peter Vermaat fertelt oer "10001 nacht de ongekuiste versie" , de plakette dy't 10 septimber ûntbleate wurdt tsjin de sâltwinning, en oer syn nije dichtbondel.

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt Dekemastate yn Jelsum oan bod.
www.dekemastate.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)