Op en Ut fan 2012-08-11T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- De stichting Aerosol Art Drachten hâldt sneon 11 augustus in saneamde 'graffiti-jam' yn de fyts- en fuotgongerstunnel ûnder de A7 tusken de Martin Luther Kingsingel en it Suderein yn Drachten. In 30-tal graffitiskriuwers sille hjir har keunsten fertoane. Fan moarns 09.00 oere ôf oant jûns 21.00 oere.
www.AerosolArtDrachten.nl

- Under de titel 'Van Oost naar West en andersom' wurdt yn Slappeterp it 15-jierrich bestean fan teetún (en mini-camping) Slappeterp fierd. Yn it wykein fan 11 en 12 augustus binne der ûnder mear Sineeske teeseremony's ûnder lieding fan Ann vanden Steenkiste. Middeis fan 14.00 oere ôf. De teetún is te finen oan de Kleasterdyk 12a. It hiele programma is te finen op 'e website:
www.minicampingslappeterp.nl

- By de Spitkeet yn De Harkema is sneon 18 augustus fan 10.00 oere ôf in geitekeuring fan de Lângeiteklub, ôfd. Fryslân. Foarsitter Wimpy de Vries (hy hat sels 25 lângeiten) komt nei de studio en fertelt der mear oer.
www.landgeit.nl www.despitkeet.nl

- Fan 14 o/m 17 augustus is de 33ste edysje fan de fyts-fjouwer-daagse Appelskea. Startplak is de sporthal yn Appelskea. Der kin in kar makke wurde út de ôfstannen 25, 40 of 60 km. Starte kin fan 08.30 oere ôf.
www.fiets4daagseappelscha.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Histotolk Frank Spijkers út Boijl komt nei de studio om te fertellen oer syn aktiviteiten as performer, skilder, dichter, skriuwer en tekenaar. Snein 12 augustus is hy op 'e merk yn Zorgvlied (krekt oer de Fryske grins) te sjen en te hearren mei syn act 'U bent toe aan een gedicht'. Fierder bringt hy op snein 26 augustus om 14.00 oere yn it iepenloftteater by doarpshûs 't Darreltien yn Ter Idzert in opfiering fan syn foarstelling oer de histoaryske figuer Peter Stuyvesant.
www.histotolk.nl

- Wout Brinkhuis fan 'Tour des Cimetières' fertelt oer de tochten dy't sy organiseare lâns tsjerken en tsjerkhôven yn de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Op 29 augustus kin bygelyks dielnommen wurde oan de Lytse Doarpentocht. Der sil dan in besite brocht wurde oan Húns, Leons, Easterein, Hinnaard, Iens en Winsum. Oanmelding kin op till.nr. 050 - 52 60 268 of fia it e-mail adres wout.brinkhuis@xs4all.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Yn Boalsert rint dizze simmer de eksposysje 'Thús yn Súdwest'. De titel fan 'e útstalling is ôflaad fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân. De dielnimmende keunstners komme dan ek allegear út de fiif 'âlde' gemeenten. De lokaasjes binne de Martinitsjerke en de Franciscustsjerke (noch o/m 19 augustus) en it stedhûs fan Boalsert (noch o/m 31 augustus).

- Op 21 augustus is de premjêre fan Opera Nijetrijne. Utfierd wurdt 'Het Temmen van de feeks' nei Shakespeare op muzyk fan la Capricciosa Corretta fan Vincente Martin y Soler. Lokaasjes is dizkear it Starteilân by Snits.
www.operanijetrijne.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt Dekemastate yn Jelsum oan bod.
www.dekemastate.nl

- By Mar en Klif yn Aldemardum kin op 'e moandeis 13 en 20 augustus meidien wurde oan de workshop parfum meitsje fan sels plukte krûden. Workshop-liedster Elly v.d. Wal leit yn Op & Ut út wat it krekt ynhâldt
www.marenklif.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)