Op en Ut fan 2012-08-04T09:00:00

  • Spiler wurdt laden

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer

- Hynste-konkoers yn Riis. Sneon 4 augustus op it terrein fan maneezje Gaasterlân. Fan 08.30 oere ôf.
www.ch-rijs.nl

- Gamma Racing Day op it TT-sirkuit fan Assen. Snein 5 aug. fan 09.00 oere ôf. Op 3 en 4 augustus is der ek in programma.
www.gammaracingday.nl

- Wandelpool - Leeuwarden organisearret alle wiken koarte kuiertochten op moandei, tiisdei, tongersdei en freed. Twa kear yn 'e moanne stiet der in langere tocht op it programma.
www.wandelpool-leeuwarden.nl

- Op it strân fan Langwar wurde de kommende sneinen twa wedstriden sânkastelen bouwe hâlden. Op snein 5 en snein 12 augustus, beide kearen om 11.00 oere. Opjaan op it strân. Foar bern o/m 15 jier. De bern wurde yndield yn twa leeftydskategorieën.
www.visitlangweer.nl

- Yn bamboetún De Blauwe Kamp yn Nij Beets is op 10, 11 en 12 augustus de beltsjeblomshow 'In Oosterse Sferen'. De show giet út fan de 'Nederlandse Kring van Fuchsiavrienden', ôfd. Fryslân. Iepeningstiden: freed 10 aug. fan 10.00 - 20.00 oere, sneon 11 aug. fan 10.00 - 18.00 oere en snein 12 aug. fan 13.00 - 18.00 oere. It adres is: De Blauwe Kampwei 11 yn Nij Beets.
http://home.kpn.nl/monkelbaanact47/fuchsia.htm

- By Keunsthûs Syb yn Beetstersweach rint fan 1 augustus o/m 18 septimber it projekt 'Terra Nova' fan Sjoerd van Leeuwen en Harald den Breejen. Iepeningstiden: o/m 18 sept. alle sneonen en sneinen fan 13.00-17.00 oere. Ekstra iepeningstiden fan snein 2 sept. o/m snein 9 sept.: alle dagen fan 11.00-17.00 oere.
www.kunsthuissyb.nl

- Fan 4 o/m 9 augustus is yn Snits fan alles te dwaan yn it ramt fan de Snitswike.
www.sneekismeer.nl www.sneekweek.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer it waar.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Muzyk- en kultuerfestival Horizontoer: fan 3 o/m 11 augustus op de Waadeilannen.
www.horizontoer.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt Dekemastate yn Jelsum oan bod.
www.dekemastate.nl

- Yn it Teatskehûs yn Blauhûs rint op it stuit in útstalling oer '40 jier Blauhúster Dakkapel'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)