Op en Ut fan 2012-07-21T09:00:00

Underwerpen:

- Johan de Jong mei nijs út de natoer.

- Ferhalen oer ûnder oare Ulbe Piers Draisma, de grûnlizzer fan de Achlumer brânfersekering, it kleaster en de ûndergong fan it Achlumer dakpannefabryk sille sneon 21 july oan bod komme by in rûnlieding troch it doarp Achlum. De start is om 14.30 oere by de tsjerke. Kosten: frije gift. De rûnlieding sil op 1 septimber herhelle wurde.

- Ien fan 'e moaiste Tall Ships fan 'e wrâld, de Noarske trijemaster Statsraad Lehmkuhl docht nije wike Harns oan. It skip is sil yn 2014 meidwaan oan de 'Tall Ships Races 2014'. Harns is dan ien fan de gasthavens.
De Statsraad Lehmkuhl sil tiisdei 24 july 2012 de haven fan Harns binnenrinne en ôfmeare yn de yndustryhaven. Woansdei 25 july sil it skip fan 13.00-15.00 iepensteld wurde foar it publyk.
www.thetallshipsracesharlingen2014.com

- It tema fan 'Tsjerkepaad' yn Tsjerkwert is 'flearmûzen'. Yn de tsjerke is fan sneon 21 july ôf in útstalling ynrjochte oer de flearmûzen dy't hjir tahâlde. De tsjerke is iepen op: 21/07, 28/07, 04/08, 11/08, 18/08 en 08/09. Alle kearen fan 13.00-17.00 oere.

- De Waadferiening hâldt yn 'e fakânsjetiid alle dagen ekskurzjes op de eilannen Teksel en Skylge. In oersjoch is te finen op 'e website:
www.waddenvereniging.nl

- Tún-rubryk mei túnman Klaas Piekstra

- Yn Snits binne noch o/m heal septimber eksposysjes te sjen yn it ramt fan it tema 'Sporen van Joods leven in Sneek'. De haad-eksposysje is ynrjochte yn de Martinitsjerke yn Snits. Yn galery Bas is in keunst-útstalling te sjen dy't oanslút by it tema.
www.sporennjoodslevensneek.nl

- Van Ravesteijn Entertainment hâldt alle sneonen en sneinen yn de moannen july en augustus de teatrale kuier 'Anna & Us Heit'. De start is om 14.00 oere yn de Prinsetún yn Ljouwert. Ek sil der ynkoarten in musical opfierd wurde oer 'Anna & Us Heit'. De premjêre is op 16 septimber yn it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert.
www.vanravesteijnentertainment.nl

- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat.

- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept (sjoch hjirûnder)

- Op 'e Jouwer binne fan 25 o/m 29 july de Fryske Ballonfeesten. De harkers fan Op & Ut kinne kâns meitsje op in ballonfeart.
www.ballonfeesten.nl

- Yn de rige 'It Depot' stiet ien moanne lang ien fan de Fryske musea sintraal. Alle sneonen mei in oar objekt út har kolleksje. Dizze moanne komt it Frysk Skipfeart museum yn Snits oan bod. Meindert Seffinga, meiwurker fan it museum, sil it ha oer in brief fan Uilke Barends.
www.friesscheepvaartmuseum.nl

- De stichting Appassionata hâldt wer in tal simmerske sneintemiddei konserten. It earste konsert is no snein 22 july om 15.00 oere. Utfierenden binne Paul Komen op piano, Dmitry Ivano op fioele en René van Munster op sello. De oare konsertdata binne: 29 july, 5, 12, 19 en 26 augustus. Lokaasje is alle kearen it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert.
www.appassionata-leeuwarden.nl

Resept: mango salsa (mei entrecote)

Nedich:

2 farske ripe mango's
1 Spaanske piper
1 sipel
teeleppel kerrypoeier
0,5 bosk farske koreander

Wurkwize:

Mango's skile en it fruchtfleis fan de pit helje en yn blokjes snije. Sipel snipperje en yn in bytsje oalje oanfruitsje.
Kerrypoeier derby dwaan en efkes bakke litte. Fan it fjoer helje en de mango en it fyn sniene piperke derby dwaan. Ofkuolje litte en de hakte koreander dertroch hinne riere.
Hiel lekker by in grilde 'entrecote' of fleis fan de barbekjû.

Yt lekker. René Vaartjes, eilân restaurant Trije Hûs, Grou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)