Op en Ut fan 16 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

Sa'n 37 kulturele ynstellings yn Fryslân dogge dizze maitiidsfakânsje mei oan de 12e edysje fan 'Help Pake & Beppe de vakantie door'. Mirjam Pragt fan de Museumfederaasje Fryslân komt nei de studio en leit út wat der allegear te rêden is.
Fierder yn Op & Ut ûnder mear omtinken foar eksposysjes en in jazz-konsert yn Museum Belvédère yn Oranjewâld en in hobby-beurs yn museumtsjerke 'Eben-haëzer' yn Wierum.
 
 
 
 
 
 

Underwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Ienpenstelling Herbarium Frisicum op 16 en 17 febrewaris, beide dagen fan 12.00-17.00 oere. Adres: Nieuweweg 32, 8391 KM Noardwâld-Súd.
- Eksposyjes 'ReSeT', 'Jan Mankes' en wurk fan Paula Modersohn-Becker en jazz-konsert fan Tobias Hoffmann Group yn Museum Belvédère yn Oranjewâld
www.museumbelvedere.nl
- Oersjoch fan de foarstellings dy't de kommende tiid yn stedsskouburch de Harmonie te sjen binne.
www.harmonie.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Hobby-beurs yn museumtsjerke 'Eben-haëzer' yn Wierum
www.museumkerk.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Yn it ramt fan 'LeeuWadden!' is it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert mei help fan de Waadferiening omtovere ta in waadlânskip.
www.natuurmuseumfryslan.nl www.waddenvereniging.nl
- 37 kulturele ynstellings yn Fryslân dogge mei oan de 12e edysje fan "Help Pake & Beppe de vakantie door'.
www.helppakedevakantiedoor.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Kok René Vaartjes hat wer in lekker resept
- De eksposysje 'De Friese Staties' is dizze moanne te sjen is yn de Doelhôftsjerke yn Aldeboarn. Hjir om hinne is op 22, 23 en 24 febrewaris de manifestaasje 'Harmen Wind en Aldeboarn' organisearre.
http://www.sirkwy.nl/item/197/nieuws-detail
- Lêzing oer ynterieur Fryske pleatsen yn Museum Hindeloopen yn Hylpen.
www.museumhindeloopen.nl
- Der wurde frijkaarten fuortjûn foar it Valentijnskonsert fan brassband De Bazuin út Oentsjerk
www.debazuinoenkerk.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)