Op en Ut fan 15 juny 2013

Op & Ut stiet diskear foar in grut part yn it teken fan de earste edysje fan de Fryske Olympiade. Op dit evenemint wurde de 3 Fryske sporten keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen byelkoar brocht op ien lokaasje: de Wiide Ie yn Burgum.
Neist de Fryske Olympiade is der yn Op & Ut ek omtinken foar 'Rjochtdei' op 'e Jouwer, in iepen dei fan Fryske Fiskers en in eksposysje yn it Titus Brandsma museum yn Boalsert.
Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en Piet Paulusma oer it waar.
 
 
Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- Fryske Olympiade yn Burgum
www.fryskeolympiade.nl
- Evenemint 'Rjochtdei' op 'e Jouwer
www.rjochtdei.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Fryske Olympiade yn Burgum
www.fryskeolympiade.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Iepen dei Fryske Fiskers
www.fryskefisker.nl
- Waarman Piet Paulusma mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Fryske Olympiade yn Burgum
www.fryskeolympiade.nl
- Eksposysje mei kopergravueres út it oeuvre fan Boëtius en Schelte à Bolswert yn it Titus Brandsma museum yn Boalsert
www.titusbrandsmamuseum.nl
- Optreden Martini Jongeskoar op strjitfestival 'Ut Sneek' en iepen rippetysje
www.mjks.nl www.utsneek.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)