Op en Ut fan 12 july 2014 09:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Op & Ut sneon wer omtinken foar hiele útienrinnende aktiviteiten. Presintator Douwe Heeringa praat mei syn gasten ûnder mear oer '25 jier iepen tún' yn Lippenhuzen, Tsjerkepaad 2014 en it 'Welcome to The Village' festival yn Ljouwert.

Fierder yn Op & Ut de fêste rubriken mei Johan de Jong oer de natoer, Klaas Piekstra oer de tún en John Havinga oer it waar.

Alle ûnderwerpen:

1e oere (09.00-10.00):
- Johan de Jong mei nijs út de natoer
- '25 jier iepen tún yn Lippenhuzen'. Sneon 12 en snein 13 july fan 10.00-17.00 oere oan de Sweachsterwei 1 yn Lippenhuzen.
- 'Sup-clinics' by 'Watersportcamping' yn Heech. Sneon 12 en snein 13 july fan 13.00 oere ôf.
http://www.supcamping.nl/nieuws/sup-clinique-die-je-niet-wilt-missen
- Mear as 250 tsjerken yn Fryslân hawwe aktiviteiten organisearre yn it ramt fan Tsjerkepaad 2014.
www.tsjerkepaad.nl

2e oere (10.00-11.00)
- Frjentsjerter 'Oldtimer en Schepen' festival
www.franekeroldtimerschepenfestival.nl
- 'Welcome to the Village' festival yn Griene Stjêr gebiet by Ljouwert
www.welcometothevillage.nl
- Túnrubryk mei túnman Klaas Piekstra
- Hynstetram yn Ljouwert
www.wearegrutsk.nl
- Waarman John Havinga mei in praatsje oer waar en klimaat

3e oere (11.00-12.00)
- Aktiviteiten by 'Boerderij Recreatie.nl' yn Dolsterhuzen
www.boerderijrecreatie.nl
- Túnkonsert troch 'Het Speelhuys' yn de Selatunen yn Appelskea
www.selatuinen.nl
- Waadfisktochten út Lauwerseach wei en op it Noardseestrân fan Skylge
www.ailand.nl www.goedevissers.nl
- Simmerkonserten fan de st. Appassionata yn Ljouwert
www.appassionata-leeuwarden.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)