ONFK live

De Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen live

Kampioenskippen te folgjen yn lûd en byld op 5 en 6 april op Omroplive.nl
Op freed 5 en sneon 6 april 2013 bringt Omrop Fryslân foar de tredde kear de ONFK, de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen, streekrjocht by de minken thús. De ONFK is in jierliks weromkommend kampioenskip foar fanfare-orkesten út Nederlân en wurdt holden yn De Lawei yn Drachten. De kampioenskippen binne beide dagen te folgjen yn lûd en byld fia Omroplive.nl.

Inisjatyfnimmer foar de kampioenskippen is de Stichting Frysk Fanfare Festival. De 31 orkesten fan dizze edysje stride yn it kampioenskip om de prizen yn fiif divyzjes. De dielnimmers komme oeral wei, mar fansels dogge der ek wer in soad Fryske fanfare-orkesten mei. In wol hiel bysûndere dielnimmer is it Trakai Fanfare Orchestra út Trakai yn Litouwen, dat orkest docht no foar de twadde kear mei. Mear ynformaasje oer de dielnimmers en de wurken dy’t spile wurde, is te finen op: www.onfk.nl.

Omrop Fryslân Radio makket beide dagen ek opnamen fan de ONFK. Op snein 7 april binne de winners fan alle fiif de divyzjes al werom te hearren yn in ekstra lange edysje fan it radioprogramma Muzyk Maskelyn, om 18:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM. En alle opnamen binne fansels werom te hearren op de ynternetradiostjoerder Koperkanaal.nl, spesjaal foar leafhawwers fan harmony, fanfare en brassbands.

Minsken kinne wilens de útstjoering op Omroplive.nl reagearje fia twitter mei de hashtags #ONFK of #ONFK2013. De tweets komme yn byld foarby.

De ONFK live

· Freed 5 april 2013 fan 16:30 oant 23:45 oere op www.omroplive.nl.
· Sneon 6 april 2013 fan 14:00 oant 22:45 oere op www.omroplive.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)