ONFK fan 4 april 2014 17:00

  • De Jouster Fanfare ûnder lieding fan Siemen Hoekstra op it poadium fan de Lawei

Koperklanken thús yn de wenkeamer
De ONFK, freed 4 april en sneon 5 april live te folgen op Omroplive.nl

Omrop Fryslân bringt de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen live by minsken thús. De ONFK is in jierliks weromkommend kampioenskip foar fanfare-orkesten út hiel Nederlân. Op freed 4 en sneon 5 april binne de kampioenskippen alwer foar de fjirde kear op rige rjochtstreeks te folgjen fia www.omroplive.nl.

De ONFK wurde organisearre troch de Stichting Frysk Fanfare Festival en wurde ek dit jier wer hâlden yn de Lawei yn Drachten. Sa’n 35 fanfare-orkesten mei yn totaal 1500 muzikanten stride om de prizen. Dêr binne ek wer in soad Fryske muzikanten by. De fanfares binne ferdield oer fiif divyzjes en yn elke divyzje is der in winner, mar allinnich de winner fan de earste divyzje mei him in jier lang Open Nederlands Fanfare Kampioen neame. Mear ynformaasje oer de dielnimmers en de wurken dy’t spile wurde, is te finen op www.onfk.nl.

Omrop Fryslân stjoert de kampioenskippen live út op Omroplive.nl op freed 4 april fan 17:00 oant 23:15 oere en sneon 5 april fan 10:30 oant 23:45 oere. Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter te hearren binne op it Koperkanaal, www.koperkanaal.nl. Op dy ynternetstjoerder foar leafhawwers fan muzyk fan harmony, fanfare en brassbands binne 24 oeren deis opnamen te hearren dy’t Omrop Fryslân yn de rin fan de tiid makke hat fan konserten, konkoersen en festivals.

It publyk thús en yn ‘e skouboarch kin by de ONFK reagearje fia twitter mei #ONFK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)