Omrop Fryslân Aktueel fan 24 oktober 2013

Omrop Fryslân stjoert de parsekonferinsje fan tongersdeitemiddei 15.30 oere oer de grutte brân yn Ljouwert live út op radio, tillevyzje en www.omroplive.nl. Foar de parsekonferinsje wurde de bewenners en winkeleigners yn it troffen gebiet bypraat yn in besletten byienkomst. De bewenners en eigeners fan de troch de brân beskeadige gebouwen meie oan de ein fan de middei ûnder begelieding wer even harren wenning of winkel yn.

Diel dit berjocht op:
Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel wie it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen mei trije nijsútstjoerings tusken 06:00-09:00, 12:00-14:00 en 16:00-18:00 brocht Omrop Fryslân jo op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon wiene der nijsprogramma's fan 08:00 oant 09:00 oere en fan 12:00 oant 13:00 oere; op sneintemoarn wiene der nijsbulletins op it hiele oere.
(advertinsje)