Omrop Fryslân Aktueel fan 2012-08-10T12:00:00

Foar ús rige Oan Heger Wâl reizigje wy de SKS skûtsjefloat achternei en sjogge wy yn de plakken dêr't syld wurdt. As der twa kear op ien plak sylt wurdt dan sykje wy in oar alternatyf en hjoed is dat Goaiïngaryp wylst it skûtsjesilen natuerlik foar de twadde kear fersyld wurdt op 'e Snitsermar. En dêr yn Goaiïngaryp rûn ferslachjouwer Remco de Vries âld-Snitswike kampioen Yorrick Verzijden tsjin it liif. Hy einige de ôfrûne wike op it alfde plak yn de Laser Radial en moat sa'n bytsje de hiele Olympische Spelen noch werom sjen.

Oan heger wâl yn Goaiïngaryp

Diel dit berjocht op:
Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel wie it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen mei trije nijsútstjoerings tusken 06:00-09:00, 12:00-14:00 en 16:00-18:00 brocht Omrop Fryslân jo op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon wiene der nijsprogramma's fan 08:00 oant 09:00 oere en fan 12:00 oant 13:00 oere; op sneintemoarn wiene der nijsbulletins op it hiele oere.
(advertinsje)