Omrop Fryslân Aktueel fan 13 augustus 2013 (moarns)

Yn 'By de streek del' hjoed omtinken foar it warbere doarp Broeksterwâld. It doarp hat it kommende wykein feest, mei in haadklasse keatspartij. Mar der binne ek ferskate ambysjes foar de langere termyn. It doarp wol graach nijbou, yn it hert fan it doarp. Ek binne der plannen mei in eigen bedriuweterrein. Dat soe komme moatte by de eigen ôfslach dy't Broeksterwâld krijt oan de fjouwerbaans autodyk 'de sintrale as'. Ferslachjouwer Onno Falkena makke in slach troch it doarp mei Jan Jellema en Ronald Postuma fan Doarpsbelang Broeksterwâld.

Jan Jellema en Ronald Postuma fan Doarpsbelang Broeksterwâld

Ferslachjouwer Onno Falkena yn Broeksterwâld

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)