Omrop Fryslân Aktueel fan 1 Novimber 2013 12:00

  • Spiler wurdt laden

Hjir de links út it Mediaoersjoch:

De Facebookside fan de aksje foar Jette Bosman út Ljouwert, it famke mei it seldsume Alstrom Syndroom:
https://www.facebook.com/vriendenvanjette?fref=ts

En lês hjir de (Fryske) reaksje fan T-mobile op de persiflaazje fan fryskefideos.nl op harren spotsje:
https://www.facebook.com/tmobileplein?fref=ts

Hjir kinne jo it resept lêze fan Reitse Spanninga, dêr't de kok it oer hie yn de 'Reade Tried':

De reade tried: Gesellige tsjustere dagen...

De gesellige tsjustere dagen stean foar de doar, in tiid fan tegearre lekker ite.
Ik ha in leuk dessert resept wat tige maklik te meitsjen is:
Eigen makke iis...Parfait nimme se it ek wol:
Parfait is stilsteand beferzen iis. Makliker iis meitsje kin net! Parfait komt út de Frânske keuken en betsjut einliks Perfekt! Tsja...dat is moai.... mar dan moatte jo it wol goed meitsje om it perfekt te krijen! It giet sa:

Beklaai in fjouwerkante cakefoarm mei plastic foly.
Beklaai dêrnei de foarm mei grutte plakken cake. Sla 6 aaien en 22 gram sûker mei in bytsje sinasappel likeur luchtich boppe in waarme wetterbak. Klopje it tige luchtich oant alles hast wyt fan kleur is! Dernei moatte jo de panne út it wetter helje en alles kâld klopje.
Dan sla je 7.5 dl slachrjemme stiif in ming dizze twa troch elkoar, jit it yn de cakefoarm en set it yn de friezer fan -20 graden. In hiele nacht ynfrieze! Yn plakken snije en servearre mei in tûfke slachrjemme.
Nochris: makliker iis kinne jo net meitsje.
Foar it garnearren:
Efkes in leuke sûkelade tip:
Krij moaie lytse hulsblêden en waskje de blêden mei it lauwe wetter skjin.
Lit de hulsblêden goed droegje op in skjinne skûlk.
Raan pure sûkeladerepen yn in metalen bakje dat yn hyt wetter stiet.
De raande sûkelade moat krekt raand wêze. Smar mei in kwastke de hulsblêden yn mei sûkelade en lit it 2 oeren kâld wurde yn de kuolkast. No foarsichtich de bledsjes derôf helje en jo ha in prachtige garnearring foar jo krystdessert yn de foarm fan hulsblêden.
Leuk om mei de bern te meitsjen en it slagget altyd!
In feestlik dessert op de ein fan in gesellige jûn...

Lekker ite!

Reitse Spanninga

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)