Omnium van freed 6 septimber 2013

Yn Omnium is Daniëlle Spoelstra fan Snits in oere te gast. Se is de frou efter de website 'Scriptgirl', in poadium dêr't skreaun wurdt oer boeken, films, lifestyle, radio en tv, reizen en oare saken dy't benammen jonge minsken ynteresseare. Se neamt har sels op Twitter: Blogger Scriptgirl.nl | Iets doet met schrijven enzo | Fan van slechte tv | Mama van Liv | Catlady | Liefje van @Masai_op_n_HD, Sneek.

Dat ropt genôch fragen op, dy't dan ek wol oan 'e oarder komme yn Omnium tusken 11 en 12 oere!
Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)