Omnium fan woansdei 12 septimber 2013

"As bern te grou binne, is dat de skuld fan heit en mem." Dat is hjoed de stelling yn de Reade Tried en dy komt ek oan 'e oarder yn it programma Omnium. Dêr sit hjoed as gast Saakje Mulder oan tafel. Se is fan hûs epidemiolooch mar op it stuit direkteur fan Sport Fryslân en lid fan kommisje Sportimpuls Kinderen op Gezond Gewicht.
Fierder omtinken foar Fryslân ûnder wetter: we sil op syk nei de restanten fan in kleaster, ûnder it wetter by Ealahuzen.

Presintaasje René Koster

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)