Omnium fan woansdei 11 septimber 2013

Woansdei is deputearre Jannewietske de Vries in oere te gast yn Omnium. Oer de Kulturiele Haadstêd, it nije Fries Museum. En oer de diskusje oft de Fryske kultuer bûten alle besunigings falle moat, fanwege de nije kulturele status fan Kulturele Haadstêd. Fierder is der kontakt mei Saskia Bak, direkteur fan it Fries Museum. Sy fertelt wat har persoanlike topstikken út de Fryske kultuer binne.

Presintaasje René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)