Omnium fan tongersdei 8 augustus 2013

Tongersdei 8 augustus is Ate van der Meer in oere lang Simmergast yn Omnium. Mei rom omtinken foar de gast, syn favorite muzyk en it nijs fan de dei.
Ate van der Meer is de ûndernimmer efter it bedriuw Snakeware. Hy wurdt sjoen as innovater en strateech op it mêd fan ynternet en digitale tsjinsten. Ate is geregeld yn it Fryslân House te finen en stiet tusken Joop Atsma en Wim Anker yn de top-10 fan 'machtige Friezen'.

Presintaasje: Rein Tolsma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)