Omnium fan moandei 7 jannewaris 2013

Yn de earste gewoane Omnium fan 2013 lit de muzykredaksje fan Omrop Fryslân wer heare hokfoar muzyk de kommende moanne draaid wurde sil. Arjen, Wim en Herman kieze alle moannen út in bulte nije singles en CD's de muzyk foar Fryslân.

Yn de reade tried prate we oer de berne-opfang en wa't eins opdraaie moat foar de kosten dêrfan. Sa'n 40 prosint fan de Nederlanners fynt dat âlden dit sels betelje moatte. Foarsitter Gjalt Jellesma fan belangeferiening Boink jout yn Omnium syn reaksje.

Yn de rige fiif ultrakoarte ferhalen fan skriuwer en dichter Nyk de Vries. Earder makke hy al koarte radioferhalen fan in minút foar de VPRO. Hy wûn hjirmei de Prix Europa, dat is de priis foar it bêste Europeeske Radio drama fan 2012.

Presintaasje Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)