Omnium fan freed 13 septimber 2013

Yn de Ljouwerter finzenis De Marwei sitte 248 manlju fêst foar in ferskaat oan delikten. Mei hast like folle meiwurkers foarmje se in bysûndere mienskip. Mar bûten de muorren it gefang witte we dêr kwalik wat fan. Meikoarten ferskynt it boek 'Dorp achter de tralies', dat in byld sketst fan dy mienskip. Auteur is sjoernalist en kollega Auke Zeldenrust en hy is hjoed te gast yn Omnium.

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)