Omnium fan 9 april

Hjoed hawwe wy it oer it plak dat hiel wichtich is foar ús lânskip en identiteit, de buorkerij. 2013 is útroppen ta "Het jaar van de boerderij" en dêrom is Piet Vellinga by ús yn de studio.

De stelling fan de Reade Tried is hjoed: In parlemintariër heart trou te swearen oan de kening. Rieks Osinga komt nei de studio om ús ûnder oaren te fertellen wat dy eed no krekt ynhâldt.

En yn de Rige oer âlde merken hawwe wy it oer in produkt dat wy eartiids brûkten om de kofje lekker te meitsjen en dat noch altyd te keap is: Buisman.

Dat, en mear yn Omnium. Roelof Lousma presintearret, harkje dus! Tusken 11 en 12.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)