Omnium fan 8 febrewaris

  • Spiler wurdt laden

It waar is noch suterich, de simmer liket fier fuort. Dochs prate wy yn Omnium alwer oer fakânsjes. Us gast Dick Jongman wurke jierren as reislieder, en hjirby belibbe er de gekste dingen.

De lêste ôflevering yn de Rige fan dizze wike. Noch in pear dagen, en dan is it safier: karnaval! Fan snein ôf kinne alle remmen los, kostúm oan en feestfiere! Spitigernôch binne der yn Fryslân net folle plakken dêr't se oan karnaval dogge. Wy sykje de Prins fan de karnavalsferiening fan Steggerda op.

En, yn de Reade Tried: soene jo it dwaan, in kollega ferlinke? Yn elts bedriuw wurdt wol ris wat sjoemele mei de oeren of de kilometers. Mar wat as it om gruttere saken giet, sa as stellerij of fertsjustering? By Holland Casino yn Skeveningen binne se der yn elts gefal klear mei. Dêr freegje se wurknimmers no om harren kollega's oan te jaan, as dy har skuldich meitsje oan bedroch. Is dit in goede oplossing? Yn Omnium it ferhaal fan in bedriuwsdetektive, dy't him deistich mei dit soarte saken dwaande hâldt.

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: Dieuwke Kroese.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)