Omnium fan 7 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

De Fryske sjoernalist Laurens ten Cate wie fan 1963 oant 1978 haadredakteur fan de Friese Koerier en letter de Ljouwerter Krante. By de VPRO-radio hie hy in wyklikse kollum. Polityk Den Haach 'spelde' syn kommentaren: "de enige regionale journalist met landelijk gezag". Ayolt de Groot skreau in biografie oer Ten Cate.

In Frysk aksint, is dat slim of net? Binne wy der grutsk op dat men hearre kin dat wy út Fryslân komme of ha we der lêst fan. Hjiroer prate we mei Goffe Jensma, heechleraar Fryske taal- en letterkunde.

We ha kontakt mei de 'iceman' en yn de rige belje wy mei Sytse Brouwer, foarsitter fan it CDJA yn Fryslân.

Presintaasje: Dieuwke Kroese.

'Binne jo der al út?'

Mear as 40 % fan de kiezers witte noch net op hokker partij se nije wike woansdei stimme sille. Fannemoarn op de freedsmerk yn Ljouwert wie dan ek ús fraach: Binne jo der al út?

Ferkiezings 2012, de jeugd de takomst

Woansdei 12 seoptimber binne de lanlike ferkiezings. We stimme foar in goeie takomst en sa at se it sa moai sizze ... de jongerein ha de takomst. Derom yn Omnium omtinken foar de jongerein yn de polityk. Hjoed mei Sytse Brouwer, foarsitter fan it CDJA yn Fryslân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)