Omnium fan 7 maart

Hjoed yn Omnium: in 'rûtekaart' fan it minsklik lichem, bestiet soks? Yn de takomst miskien wol, sa docht bliken út ûndersyk. Mei sa'n 'biogemyske rûtekaart' kinne wy sjen foar hokker sykten wy fetber binne, en, noch wichtiger, hoe't wy se foarkomme kinne. Klinkt moai. Mar wat betsjut it, as jo witte hoefolle kâns jo ha om kanker te krijen, of sûkersykte? We prate deroer mei professor Douwe Breimer.

En, de Dútsers moatte allegear yn harren eigen lân op fakânsje. Alteast, dat fynt Angela Merkel. Sa kinne se har eigen ekonomy stypje. Moatte wy ek yn Nederlân bliuwe dit jier? Wy ha it deroer yn de Reade Tried.

Yn de Rige wer in frou yn de bou.

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)