Omnium fan 7 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

In paspoart oanfreegje, of oanjefte dwaan fan in stellen fyts. No kin dat noch by it loket fan 'e gemeente, of fia in tillefoantsje nei de plysje. Yn de takomst giet dit miskien wol fia in klik fan 'e mûs. Oerheden regelje hieltyd mear saken fia ynternet. Is dit in goede ûntwikkeling? Hugo Verheul hâldt him dwaande mei de digitalisearring fan it iepenbier bestjoer. Hy fertelt yn Omnium hoe't oerheden mei digitalisearring omgean, en hoe't it better kin.

En: de wurkferskaffing bestiet al jierren net mear. Dochs wolle trettjin gemeenten yn it westen fan Fryslân ynwenners mei in útkearing no ferplicht oan it wurk sette. Minsken dy't har ynskriuwe by de bystân moatte oan 'e bak by ien fan de bedriuwen yn de omkriten. Wolle jo net..? Dan wurdt der koarte op de útkearing.

Fierder yn de Rige: Prins Bambinho den Nulde is yn it deistich libben skiednisdosint, mar mei it karnaval giet er hielendal los. Alaaf!

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)