Omnium fan 6 septimber

Se is de "coming" frou fan it CDA. Se waard krekt net keazen ta polityk lieder, mar as nûmer twa op de list stiet se foar in nij CDA. Hjoed is Mona Keizer op kampanje yn Fryslân en komt se by Omnium om te praten oer har striidplan foar in better Nederlân.

Krijt Louis van Gaal ús fedetten fan Oranje op de rails...? Hy is der sels wis fan, mar in soad sportsjoernalisten ha grutte twivels.

En yn ús rige politike jongeren hjoed Lena de Jong, sy is foarsitter fan de jonge sosjalisten fan de PvdA.

Mona Keizer

Se is de coming frou fan it CDA. Se waard krekt net keazen ta polityk lieder, mar as nûmer twa op de list stiet se foar in nij CDA. Tongersdei 6 septimber wie Mona Keizer op kampanje yn Fryslân en kaam se yn it radioprogramma Omnium om te praten oer har striidplan foar in better Nederlân.

Ferkiezings 2012, de jeugd de takomst

We kinne wer nei de stimbussen. We stimme foar in goeie takomst en sa at se it sa moai sizze ... de jongerein ha de takomst. Derom yn Omnium omtinken foar de jongerein yn de polityk.
Hjoed mei Lena de Jong, foarsitter fan de Jonge Socialisten yn Fryslân

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)