Omnium fan 6 novimber 2012

Wurdt it Obama of komt Romney yn it Wite Hûs? Hjoed sille de Amerikanen nei de stimbus. Mei Amearika-saakkundige Tity de Vries prate we oer de presidintsferkiezingen.

Deputearre Hans Konst makket hjoed syn plannen bekend foar in nij Thialf. Reedrydhistoarikus Hedman Bijlsma nimt ús mei troch de skiednis fan Thialf.

Mei kommunikaasjespesjalist en âld 'spindoktor' fan it CDA Jack de Vries prate we oer it imago fan it nije kabinet Rutte-2. Hoe grut is de skea neidat it nije regearakkoart ferline wike bekend waard?

En snappe jo al hoe't Japansk damjen wurket? Folgje ús rige dizze wike.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)