Omnium fan 6 maart

De saak-Vaatstra, der is al in soad oer sein. Thijs Damstra, Jelmer Kloosterman en Jay-J Wijnvoord (6 VWO) makken in profylwurkstik oer de berjochtjouwing omtrint de saak. Oer de nijsgjirrige konklúzjes fan harren ûndersyk fertelle sy yn Omnium.

Wiebe Wieling fertelt wat syn Fryske Topstik is.

En: it is maitiid! En wêr tinke je oan by maitiid? Lamkes! Dy binne der alwer folop, en dat is te hearren op de buorkerij fan Dorothea Deelstra.

Dat, en mear yn Omnium. Harkje dus, tusken 11 en 12 oere. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)