Omnium fan 6 juny 2013

Sietske de Boer fan Warkum wenne seis jier yn it Marokkaanske Rif-gebergte. It grutste part fan de Marokkaanske Nederlanners komt út dat gebiet. Se skreau in boek oer de skiednis, en ûntduts dat de bewenners fan it Rif in soad oerienkomsten mei Friezen hawwe.

Yn de rige lêst Jolina Dalstra har bern foar.

En Langwar krijt as earste plak yn Fryslân fergees wifi. Sitte we dêr op te wachtsjen? Johan Hylkema fan de Vereniging Promotie Langweer tinkt dat it yn elk gefal wat mear jeugdige besikers opsmite sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)