Omnium fan 6 febrewaris

  • Spiler wurdt laden

Efkes belje efter it stjoer: in bekeuring fan 220 euro. Mar treffe jo in plysjeman mei in goed sin, dan koe dat wol ris minder wurde. Dat is it foarstel fan professor Pieter van Vollenhoven. Hy wol dat plysjes sels de hichte fan boetes bepale kinne. Yn de Reade Tried prate wy hjiroer mei Aukje Nauta. Sy is arbeids- en organisaasjepsycholooch, en fertelt hokker gefolgen sa'n systeem ha kin foar it wurk fan de plysje.

Fierder, in boek út in Frysk kleaster, dat yn de Keninklike Bibleteek yn Den Haach bedarre is. Hilda Bouta seach it boek en waard fuort entûsjast. Se fertelt hjiroer, en oer har ûndersyk nei it kleaster Sion, by Dokkum.

En yn de Rige, de 'prins' fan karnavalsferiening Oldebereleut út Ljouwert. "Mei karnaval hjit ik Prins Hendrik de Earste."

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)